HympHamp Theater vrijdag 20 𝗻𝗼𝘃𝗲𝗺𝗯𝗲𝗿 𝗶𝗻 𝗪𝗼𝗺𝗺𝗲𝗹𝘀
Op Portret is in foarstelling mei ferskes, sketskes en oare nuveraardichheden dy’t troch in ferskaat oan typkes en karakters oer it fuotljocht brocht wurde. Hjoeddeiske minsken yn harren dwaan en litten wurde op in humoristyske wize tsjin it ljocht holden. Werkenbere sitewaasjes soargje foar in heech ‘Och heden ja!’-gehalte, wertroch’t it publyk harren de bûsen útskoarre kin of harren sels ris, mei in brede glim, efter de earen skrabbet… De ymportFries, de âlden fan dagen mei harren rituelen en gewoanten, de fakânsjegongers en fansels de oandwaanlike Beitske en Harke Kietstra mei de fûgeltsjes yn it programma Hea komme oan bod. HympHamp bestiet út de akteurs Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga mei meiwurking fan de muzikanten Paul Siemensma en Geart Nauta.



